Ald-boargemaster Ljouwert keazen ta nije foarsitter 50PLUS

© Omrop Fryslân
Geert Dales is de nije foarsitter fan de politike partij 50PLUS. De eardere boargemaster fan Ljouwert waard sneon op it partijkongres ferkeazen, nei't de iennige oare kandidaat him weromluts. Dales krige de stipe fan partijlieder Henk Krol en oprjochter en senator Jan Nagel. Dochs wie de stimming net unanym. Fan de 253 jildige stimmen wiene der 182 foar Dales en 48 tsjin. Ek waard der 23 kear blanko stimd.
Net ienriedich
De nije foarsitter erkende dat de oanwêzige leden niet ienriedich efter him stean. "Ik weet dat er tegenstemmen zijn geweest. Zo'n zeventig leden die het of niet zien zitten of afwachten'', seit Dales. "Ik beschouw dat als een grote opdracht. Ik vind het goed dat dit op tafel ligt, dan weet je waar je aan toe bent."
50PLUS hie in nije foarsitter nedich omdat Jan Zoetelief dy funksje dizze wike dellei. Dat die er neidat de oare bestjoersleden opstapten omdat se it net iens wiene mei syn funksjonearren. Geert Dales wie earder lid fan de VVD.