Facebook: "Redbadtrailer misledigjend foar kristenen"

26 maaie 2018 - 14:18

Redbad is te kontroversjeel foar Facebook. De social media gigant wol dat de trailer fan de nije film fan har webside ôfhelle wurdt. Dat skriuwt nu.nl op basis fan in petear mei produsint Klaas de Jong.

De trailer oer de Fryske frijheidsstrider soe neffens Facebook misledigjend wêze foar grutte befolkingsgroepen. De film fertelt it ferhaal fan de Fryske held Redbad dy't yn de betide midsiuwen, mei help fan de Fikings, focht tsjin kristenen en harren leauwe. "Vanuit ons Nederlandse perspectief is het verzet tegen het christendom geen groot issue", fertelt De Jong oan Nu.nl. "Maar in de rest van de wereld is dat blijkbaar nog wel een enorm ding. Ik viel echt van mijn stoel: het is bizar dat Amerikanen nu willen gaan bepalen wat voor Nederlanders aanstootgevend moet zijn."

De Jong seit dat er de trailer net oanpasse of fuorthelje sil. De rjochten foar de film binne al ferkocht oan ferskate lannen, wêrûnder de VS. Redbad is hjir fan ein juny ôf yn de bioskopen te sjen. Parten fan de film binne yn Fryslân opnaam, en in grut tal Friezen docht as figurant oan de film mei.

Trefwurden: 
Redbad film trailer
(advertinsje)
(advertinsje)