Nije tankautospuiten en rêdweinen foar de brânwacht

26 maaie 2018 - 13:23

De brânwacht Fryslân hat der sûnt sneontemoarn njoggen nije weinen by. It giet om sân tankautospuiten en twa rêdweinen. Dy lêste twa binne foar de brânwacht fan Dokkum en dy fan Ljouwert. De tankautospuiten komme ûnder oare by de korpsen fan Menaam, Sint Anne, Snits en Jobbegea.

Kommandant Wim Kleinhuis naam de kaaien fan de auto's yn ûntfangst fan de fabrikanten en joech se dêrnei troch oan fertsjintwurdigers fan de ferskate korpsen.

Trefwurden: 
brânwacht
(advertinsje)