Drama foar greidefûgels: kwart minder ljippen yn Fryslân

26 maaie 2018 - 10:04

In kwart minder ljippen oant no ta yn 2018 en in fiifde minder skriezen. Dat binne de resultaten fan de greidefûgeltelling, dêr't it BFVW sneontemoarn de sifers fan bekend makke hat.

It bûn neamt dy sifers alarmearjend. Dat it min gie mei de greidefûgels wie al bekend, mar neffens it bûn docht út de sifers bliken dat it hiel, hiel min giet. Oarsaak fan de delgong is it opfretten fan aaien en piken troch oare bisten en de delgong fan de fariaasje fan de greiden. Sa binne der minder perselen mei blommen en krûden.

Rânebehear

It bûn hie by de bekendmakking ek pittige krityk op de hâlding fan guon boeren, dy't net frijwillich oan rânebehear dogge. By rânebehear meane boeren in strook fan sa'n trije oant seis meter by sleatten minder faak, sadat piken der skûlje kinne en der mear fretten te finen falt.

Yngripe

It BFVW freget de provinsje no om yn te gripen. It bûn wol dat boeren ferplichte wurde om fiif oant tsien prosint fan harren lân better yn te rjochtsjen foar greidefûgels. Dat soe helpe moatte om de greidefûgelstân te ferbetterjen.

Fûgel Briedpearkes 2016 Briedpearkes 2017 2018 briedpearkes oant no ta
Ljip 17.596 16.314

9.761

Skries 8.197 6.911

4.545

(advertinsje)
(advertinsje)