Moai waar by Turfrace: ekstra kilometers meitsje

26 maaie 2018 - 09:42

Leafhawwers fan klassike skippen kinne dizze dagen har hert ophelje by de Turfrace. Hiel wat Fryske skûtsjes, snikken en preammen binne nammentlik yn wedstriidfoarm ûnderweis fan de Feanhoop nei Ljouwert. Freed wie de earste etappe, fan de Feanhoop nei Drachten, en sneon stiet it twadde part, fan Drachten nei Ljouwert op it programma.

Gewoanwei rint de Turfrace allinnich mar troch Smellingerlân, mar dat leit dit jier dus oars. Haiko van der Werff fan de organisaasje: "Dit is de tredde edysje, en it is in spesjale edysje om't it kulturele haadstêd is." Eins soe de race pas takom jier hâlden wurde, mar op fersyk fan de gemeente is der dochs besletten om yn dit spesjale jier in wedstriid op poaten te setten.

Der binne dizze edysje in soad mear dielnimmers as by de foarige twa jiergongen. "Ferline jier hiene wy sa'n fjirtjin dielnimmers, en no binne it der 27 skippen."

Ekstra kilometers 

De earste dei wie pittich, mar prachtich, sa seit de organisaasje. Op de twadde dei, sneon, liket it wat makliker te wurden: de wyn komt út de goeie rjochting, en hat in goeie krêft, wêrtroch't de organisaasje besluten hat om de rûte wat om te lizzen. Hjirtroch wurdt der no in ekstra slach op de Wiede Ie makke.

Trefwurden: 
Turfrace LF 2018
(advertinsje)
(advertinsje)