Ald-Boargemaster Ljouwert mooglik nije foarsitter 50PLUS

26 maaie 2018 - 08:44

De eardere Ljouwerter boargemaster Geert Dales makket grutte kâns om sneon keazen te wurden ta foarsitter fan de partij 50PLUS. Dales is ien fan de twa kandidaten, mar hat de foarkar fan de fraksjes fan de Earste en Twadde Keamer. De nije foarsitter is nedich, omdat Jan Zoetelief dy funksje dizze wike dellei. Dat die er neidat de oare bestjoersleden opstapten omdat se it net iens wiene mei syn funksjonearren. Geert Dales wie earder lid fan de VVD.

Trefwurden: 
50plus Geert Dales
(advertinsje)
(advertinsje)