Kollum: "De bucketlist"

"Saken dy't je noch graach ris dwaan wolle yn je libben. Je kinne der fan alles by betinke. Mei dolfinen swimme skynt by in soad minsken op it listje te stean. No bin ik net sa fan it wetter en dy fisken kinne folle better swimme as ik dat kin, dus dat lit ik mar oan my foarbygean. Ut in fleantúch springe is ek neat foar my. Je sille krekt sjen dat de parasjute by my tsjinst wegeret. In tattoo sette litte stiet ek net by de prioriteiten. Ik soe net witte wat ik op my kleurje litte moast, sil ik mar earlik bekenne. Boppedat bin ik der wol wis fan dat it my nei ferrin fan tiid ferfele sil, altyd nei datselde plaatsje te loeren.
In maraton rinne sit der net yn, want dat wol myn rjochter knibbel net lije. Dy begjint nei 300 meter al tsjin te akseljen, in kadootsje fan in traap tidens in trening op it fjild fan Heerenveense Boys, doe't ik in jier as tolve wie. Gjin maraton dus. Op in oaljefant ride liket my ek neat, as ik der al ôf miterje giet it bist my grif op myn hân stean en dan kin ik miskien net wer gitaar spylje. In kuierke oer de savanne is dochs al net Frysk eigen, dus lit mar. Minsken hawwe ek faak it idee om te trouwen, no, dat haw ik 24 jier lyn al dien, dus dat hoecht ek net wer.
De Amerikaan Ben Bender mei graach golf spylje. Hy woe ien kear yn syn libben in 'hole in one' slaan. Dat like him prachtich. En dat is him ek slagge. Fierder net sa spannend, mar wol as je even fierder lêze. Bender begûn mei golf doe't er 28 jier wie. En hy mar oefenje en besykje om dy ferhipte bal yn ien kear yn dat gatsje te slaan. No, it kealle swier. Hy wie der op it lêst wol klear mei en sei dat er foar it lêst de baan op soe. Syn liif woe net mear, hy waard wat kerbintich. Noch ien kear soe it heve. En sa as yn in jongesboek kaam it goed. Hy sloech yn syn lêste rûntsje in hole in one. It hie al even duorre, Ben Bender sloech syn ultime slach doe't er 93 jier wie. Hy hie der 63 jier oer dien. Dan kinne je teminsten echt fan in moai ein sprekke.
Myn bucketlist. Eh, earlik sein soe ik it net witte. Myn broer hat in motor, mar ik jei yn myn bestelbuske al faak te hurd, dus in motor moat ek mar net. In boek skriuwe, dat hoopje ik fansels noch wol wer in kear te dwaan.
Mar yn Drachten, minsken, dêr kin ynkoarten echt regaad makke wurde mei de bucketlist. Mochten jo it mist ha, yn Drachten sille de winkels no ek op snein iepen. Dus as it printpapier op snein op is, kinne jo no ek yn Drachten te plak. Dy moaie stille promenade, dêr't je sneins de fûgels fluitsjen hearre koene, it is ferline tiid. Alle ûndernimmers dy't dat wolle meie aanst ek op de sânde dei yn de wike iepen.
Winkelje op snein yn it algemien. Winkelje op snein yn Drachten yn it bysûnder. Ik moat earlik bekenne dat it net op myn bucketlist stiet. Ik gean leaver in ein te rinnen. Yn de bosk. As jim no allegearre nei Drachten gean, lit my dan mar nei de fluitsjende fûgels lústerje. Kom ik in dei letter wol wer yn Drachten."