Jongfryske Mienskip stipet oanklage A7-blokkearders

25 maaie 2018 - 23:03

De Jongfryske Mienskip sprekt him út foar 'morele stipe' oan de A7-blokkearders dy't meikoarten foar de rjochter komme moatte.

Grutte mearderheid

Op de algemiene ledegearkomste fan de Jongfryske Mienskip op It Hearrenfean spruts in grutte mearderheid fan de leden him út foar solidariteitsaksjes mei de tritich minsken dy't har yn juny foar de rjochter ferantwurdzje moatte foar de yllegale blokkade fan de A7. De autodykblokkearders woene troch dy aksje foarkomme dat aksjefierders út de Rânestêd yn Dokkum demonstrearje soene tsjin Swarte Pyt.

'Kulturele autonomy'

De Jongfryske Mienskip stribbet nei 'kulturele autonomy' en hat de yndruk dat de autodykblokkearders wol hiel hurd oanpakt wurde troch justysje. Bestjoerslid Sjoerd Groenhof fan de Jongfryske Mienskip fynt dan ek dat der alle oanlieding is foar morele stipe mei de autodyk-blokkearders.

Earste maatskiplike organisaasje

De Jongfryske Mienskip is neffens wurdfierder Jenny Douwes fan de autodykblokkearders de earste maatskiplike organisaasje yn Fryslân dy't de minsken dy't foarkomme moatte stipet. Douwes is dan ek tige wiis mei dy stipe.

(advertinsje)