Drachtster Boys ferliest sealfinale om lânskampioenskip

25 maaie 2018 - 22:36
  • Reaksje trainer/coach Symen Abe Hoekstra
  • Winnende goal en reaksje Jessie Prijs

De sealfuotbalfroulju fan Drachtster Boys hawwe harren nasjonale titel net prolongearje kinnen. Yn de beslissende tredde finalewedstriid wie Pernis nei ferlinging mei 1-2 te sterk. En dus is it krekt oarsom ferlike mei foarich jier: doe wûnen de Drachtsters fan Pernis yn de finale.

Foarsprong Pernis

Yn Drachten soarge Jennifer Oliveira betiid yn de wedstriid foar de iepeningstreffer fan Pernis. Op oanjaan fan Felicia Sedighi makke sy de 0-1.

Lykmakker Meijer

Dêrnei krigen de Drachtsters genôch kânsen op de lykmakker. It duorre lykwols even foar't dy foel, want kânsen foar Esther van Toledo, Lotte Donath, Tjitske Sikma, Jessie Prijs en Esra van der Heide smieten gjin goal op.Healweis de earste helte foel Esther van Toledo út mei in op it each swiere knibbelblessuere. Dochs sette Marian Meijer mei in hurd skot krekt foar it skoft de 1-1 op it skoareboerd.

Yn in tige spannende twadde helte like Drachtster Boys oan it begjin wat sterker. Mar stadichoan naam Pernis hieltyd mear it inisjatyf. Drachtster Boys-doelfrou Anna Reitsma soarge der mei meardere rêdingen foar dat it 1-1 bleau.

Wer Oliveira

Dêrom foel de beslissing pas yn de ferlinging. Dêryn moasten de Drachtsters dochs belies jaan. Oliveira, dy't de 0-1 ek al makke hie, skeat Pernis op 'e nij op foarsprong. Dat joegen de Súd-Hollanners net wer fuort.

(advertinsje)