Bestelbuske botst tsjin beam by Drachtsterkompenije

© Srfotografie
Op de Folgersteloane yn Drachtsterkompenije is freedtejûn in buske tsjin in beam botst. It giet om in bestelbuske fan supermerk Jumbo. Hoe't it ûngelok krekt barre koe, is noch net bekend. De bestjoerder fan it buske soe ûndersocht wêze troch ambulânsepersoniel, mar rekke net ferwûne.
De bus sels hat wol in soad skea oerhâlden oan de botsing. De plysje kaam te plak om ûndersyk te dwaan nei it ûngelok.