Untploffingsgefaar: Potfiskfontein Harns docht it even net

De nije potfiskfontein yn de haven fan Harns docht it net. Ferline wike freed is de fontein feestlik iepene, lykas de oare fonteinen fan it 11Fountains-projekt. De Harnzer potfisk hat it lykwols mar oardel dei dien.
"Je zal het beleven dat die potvis ontploft"
Dat komt omdat it kompjûtersysteem, dat derfoar soarget dat de fontein spuitet, noch net wurket. Bram Visser, dy't de fontein boude, joech yn Weistra op Wei útlis: "Er zit een computer achter met allemaal toeters en bellen. Maar we waren er bang voor dat als er een slang zou knappen, en we kunnen dat niet controleren, dat dan die potvis opblaast. Dus veiligheid boven alles. Je zal het beleven dat die potvis ontploft. Iedereen lacht me uit, maar dat wil je niet meemaken!"
Hânwurk
Omdat it systeem noch net goed wurket, moast de fontein mei de hân oansetten wurde. Mar nei oardel dei hie de jonge dy't dat dwaan moast syn nocht.
Sneon wurdt it kompjûtersysteem op 'e nij opstart. De ferwachting is dat de fontein it dan docht.
Echte potfisk?
Ferline wike wie der sels in Dútsk echtpear dat nei de gemeente Harns belle. De twa mienden dat der in echte potfisk yn de haven lei.