FNV: Personiel Vion hoecht him gjin soargen te meitsjen

25 maaie 2018 - 20:41

Personiel fan slachterij Vion yn Ljouwert hoecht him gjin soargen te meitsjen oer de takomst, no't de slachterij freed tydlik tichtgien is. Dat seit bestjoerder John Klijn fan it fakbûn FNV.

It fabryk fan Vion gie yn febrewaris los, mar hat te krijen mei oanrinproblemen. It bedriuw sil der nei dizze tsjinslach lykwols net samar mei ophâlde: "Deze slachterij is met de laatste technieken neergezet. Vion heeft er al bijna twintig miljoen euro in gestopt, dus die gaan de rest van het jaar niet gebruiken om het gebouw te slopen", seit Klijn. "Vion is ook geen kleintje. Dat is een van de grootste vleesverwerkers van Europa, die weten heus wel wat ze doen."

(advertinsje)