Multyfunksjonele akkommodaasje yn Lippenhuzen iepen

25 maaie 2018 - 19:55

25 jier lang waard der oer praat, mar freed wie it einlik sa fier: de multyfunksjonele akkommodaasje (MFA) yn Lippenhuzen is offisjeel iepene.

MFA It Kobunderhûs biedt ûnderdak oan doarpshûs De Mande, iepenbiere basisskoalle De Flecht, it pjutteboartersplak en fuotbalferiening Thor. It doarp hat sels trije ton bydroegen en mei frijwilligers in soad wurk ferset om binnen it budzjet te bliuwen.

De namme It Kobunderhûs ferwiist nei de plaknamme Kobunderhuizen, dy't earder wol brûkt is foar Lippenhuzen.

(advertinsje)
(advertinsje)