Cambuur hellet ferdigener Van Koesveld fan Hearrenfean

25 maaie 2018 - 18:56

Ferdigener Robert van Koesveld makket de oerstap fan Sportklup Hearrenfean nei Sportklup Cambuur. De 23-jierrige linksback tekenet in kontrakt foar ien seizoen by de Ljouwerters.

Van Koesveld makke yn it seizoen 2014/2015 by Jong Ajax syn debút yn it betelle fuotbal. Dêrnei gie er nei Hearrenfean, mar dêr kaam er noait oan spyljen ta. Wol waard er ferhierd oan Helmond, dêr't er de ôfrûne twa jierren basisspiler wie.

"Robert zou je een moderne verdediger mogen noemen", seit technysk manager Foeke Booy op de webside fan de Ljouwerters. "Hij is in de eerste plaats goed in verdedigend opzicht, maar ook aan de bal heeft hij kwaliteiten."

Tongersdei makke Cambuur al de komst fan Julian Calor bekend. Dy middenfjilder komt oer fan Jong Vitesse.

(advertinsje)