FIDEO: Superfriezen oer sukses by de Superboeren

25 maaie 2018 - 18:46

In lytse wike lyn spilen trije Friezen de haadrol by de promoasje fan De Graafschap nei de earedifyzje: trainer Henk de Jong, assistint Sandor van der Heide en spiler Mark Diemers. Sy sieten freed yn Fryslân Hjoed oan tafel by Arjen de Boer.

De trije sjogge werom op de ôfrûne wike, it feest nei de promoasje, mar se prate ek alfêst oer takom seizoen. De Jong en Van der Heide binne ek alwer dwaande mei de tarieding en de nij seleksje. Dan moatte se it nei alle gedachten wol dwaan sûnder Diemers, dy't yn de belangstelling stiet fan oare klups.

En it kin net misse: ek SC Cambuur en SC Hearrenfean passearje de revu.

(advertinsje)
(advertinsje)