Skoalsluting komt hurd oan

22 jun 2012 - 16:13

De driigjende sluting fan fjouwer doarpsskoallen yn 'e Súdwesthoeke komt hurd oan by âlden, learlingen en learkrêften. De stichting Palludara hat tongersdei bekend dat der fúzjes komme sille, om't it tal learlingen ôfnimt. De oerheid jout net genôch jild om de lytse skoallen iepen te hâlden. Neist De Gaastmar, ferlieze ek Abbegea, Folsgeare en Easthim de kristlike basisskoalle.

Sûnder de ûnderwiisynstellings dy't de skoallen beheare wiene de lytse skoallen al lang ferdwûn fanwege jildkrapte. Mar no moatte se no dochs ticht.

(advertinsje)
(advertinsje)