Lifeguards krije fiif nije wetterscooters foar op Waadsee

Lifeguard © ANP
De lifeguards fan de Koninklijke Nederlandse Redding Maatschappij (KNRM) op de Waadeilannen hawwe fiif nije rêdingswetterscooters krigen. Mei dizze wetterscooters kinne se swimmers yn need helpe. De scooters kinne in hege snelheid helje en kinne in hege brâning goed oan.
De KNRM hat trije fan de fiif scooters krigen fan it Dorus Rijkers Fonds, dat in soad projekten fan de rêdingsmaatskippij stipet. De oare twa komme fan it Van Zadelhoff Fonds en fan Yamaha Motor Europe.