Maaie ferbrekt op 'e nij waarrekôrs, wat binne de gefolgen?

25 maaie 2018 - 17:01

De moanne maaie fan 2018 sil de waarrekôrs wer ferbrekke. Hy stiet noch op nûmer twa, mar it wykein en ek dêrnei bliuwt de waarmte regearjen.

10 graden waarmer

It liket hast al gewoan, mar dat is it net. Waarman Piet Paulusma sjocht de trend fan de ôfrûne jierren hieltyd mear nei ekstremen ta gean. Kwa waarmte, mar ek kwa ekstreme reinfal en buien dy't dêrmei anneks binne. Oft de simmerwaarmte bliuwt, is noch net te sizzen. Dat de moanne maaie yn trochsnee 10 graden waarmer wie as gewoan, is wol in feit.

Topmoanne foar iepenloftswimbaden

En dat hat sa syn gefolgen. Positive en negative. Foar iepenloftswimbaden wie it in topmoanne. Mounewetter yn Wytmarsum helle in wike earder al de tsientûzenste besiker binnen. In dreamstart, neamt bedriuwslieder Joke van der Vliet dizze moanne. Spitich is it wol dat der net folle iepenloftswimbaden mear binne. De fraach is oft it mei de klimaatferoarings net goed wêze soe om der dochs wer mear fan te bouwen.

Lanbouprodukten hawwe it dreech

It ekstreme waar is ek fan ynfloed op de lânbou. Guon lânbouprodukten kinne mar dreech mei de klimaatferoarings omgean. Sipels, woartels en biten bygelyks kinne nei lange drûchte en dan in bêste bui hast net troch de ierdkoarste hinne komme. Dat soarget foar minder produksje. Boeren sille oars tinke moatte en hieltyd better soarchje moatte foar goeie drainaazje fan harren lân. Fia sleatten, mar ek op oare wizen. Dat is yn ús provinsje noch net iens it slimst, want we komme der eins noch ridlik goed ôf mei de ekstreme buien. Yn it suden en easten fan Nederlân is it folle slimmer.

Neffens Piet Paulusma hawwe we yn Fryslân noch it meast stabile waar fan Nederlân. Reden genôch dus om fakânsje hjir te fieren, as it oan it waar leit teminsten.

(advertinsje)
(advertinsje)