Wurksumheden oan A6; autodyk pleatslik en tydlik ticht

25 maaie 2018 - 16:20

Minsken dy't freedtejûn mei de auto fan De Lemmer nei it noarden fan Fryslân ride wolle, sille in alternative rûte kieze moatte. De A6 wurdt fan 19.00 oere ôf tusken de brêge oer de Skarster Rien en de fly-overs by De Jouwer ôfsletten. Op dat plak moatte wurksumheden oan de deklaach fan de dyk útfierd wurde.

Ferkear dat rjochting It Hearrenfean en Ljouwert wol, wurdt omlaat fia Wolvegea. Minsken dy't nei Snits wolle, moatte fia Follegea ride. Sneontemoarn moat it wurk dien wêze en kin it ferkear wer gebrûkmeitsje fan de A6.

(advertinsje)
(advertinsje)