Leafdesdrama: frou stekt freon nei ûnienichheid oer yntimens

© Omrop Fryslân, Joris Kalma
Tsjin in frou út Burgum is 16 moanne sel easke, omdat se har doetiidske freon mei in grut mes yn it skouder stutsen hat.
De twa hiene spul krigen, omdat de man yntym wêze woe en sy net. Beiden wienen se dronken en hienen se drugs brûkt. De frou seit dat se der neat mear fan wit, mar leaut sels ek dat se it slachtoffer delstutsen hat.
Neffens justysje giet it om poging ta deaslach. Njonken de selstraf soe de frou behannele wurde moatte en soe se in kontaktferbod krije moatte. De rjochter docht oer twa wiken útspraak.