'Oerlisprimeur' Fryske gemeenten, provinsje en wetterskip

25 maaie 2018 - 15:48

Bestjoerders fan gemeenten yn Noardeast-Fryslân, Provinsjale Steaten en Wetterskip Fryslân sille tenei kommisjegearkomsten hâlde. Yn dy gearkomsten wikselje de partijen stânpunten út en besykje se tichte by elkoar te kommen. De echte besluten wurde letter naam, yn de eigen gearkomsten fan de trije organisaasjes.

It giet earst om in proef. As it foldocht, wurdt it mei elkoar gearkommen trochset en treffe de bestjoerders fan de gemeenten, de provinsje en it wetterskip elkoar twa kear yn it jier. It is foar it earst dat dit yn Nederlân bart.

(advertinsje)
(advertinsje)