Prinses Irene net by iepening Vier De Alde Feanen

© Omrop Fryslân, Wendy Kennedy
Prinses Irene is freed net by de iepening fan de manifestaasje Vier De Alde Feanen. De prinses soe it evenemint freedtemiddei iepenje, mar hat fan har hûsdokter it advys krigen rêst te hâlden fanwege in harsenskodding.
Nasjonaal Park De Alde Feanen is dit wykein mei Vier De Alde Feanen de haadlokaasje fan it lanlike natoerfestival Fête de la Nature. De iepening sil no ferrjochte wurde troch Matthijs Schouten, bysûnder heechlearaar ekology en filosofy.