RSG Simon Vestdijk wint net-roke-wedstriid

It RSG Simon Vestdijk yn Harns is ien fan de twa lanlike winners fan de Smokefree Challenge. Dat is freedtemiddei op de skoalle bekend makke.
De ôfrûne seis moannen ha 58 skoallen yn Nederlân meidien oan de net-roke-wedstriid. Learlingen fan de earste en de twadde klasse ha mei-inoar ôfsprutsen in healjier net te roken. De klassen dy't dit folhâlde koene, ha ek in filmke makke mei tsien foardielen fan net roke. Fan de 33 klassen dy't it úthâlde koene, hat it Simon Vestdijk dus no de Smokefree Challenge wûn.
Walibi
De klasse fan mentor Lysanne Brattinga hat hjirmei in priis wûn: in hiele dei mei elkoar nei Walibi Holland. Se hiene earder al de regionale wedstriid wûn, wêrtroch't se as groep nei de bioskoop meie.
It Trimbos Instituut en wethâlder Harry Boon wiene derby om yn de stampfolle klasse de priis út te rikken. De bern wiene tige bliid, want oant freed wie de ferrassing stilhâlden.
Smokefree Challenge
De Smokefree Challenge is in opdracht fan it Ministearje fan VWS. Alle learlingen fan de earste en twadde klasse fan it fuortset ûnderwiis yn Nederlân koene meidwaan oan dizze aksje. Yn Fryslân waard de aksje troch GGD Fryslân organisearre. Ut ûndersyk docht bliken dat de measte rokers tusken de 12 en 16 jier âld begjinne mei roken.