Bussjauffeurs Arriva hâlde op 'e nij stakingen yn Fryslân

Bussjauffeurs Arriva lizze wurk del © ANP
Bussjauffeurs fan Arriva lizze tongersdei opnij it wurk del. De sjauffeurs fan it ferfierbedriuw hawwe al skoften in konflikt mei de wurkjouwer oer in nije cao. It grutste probleem fan de sjauffeurs is de wurkdruk. Se sizze dat se bot ûnder druk steane om de krappe tsjinstregeling te heljen.
De fakbûnen easkje ûnder oare om de trije oeren in skoft fan fiif minuten. Se geane troch mei de aksjes oant der konkrete ôfspraken lizze om wat oan de wurkdruk te dwaan. Net allinnich yn Fryslân staakt; ek yn oare regio's lizze sjauffeurs it wurk del.