Harkemase Boys rekket ferdigener kwyt oan FC Groningen

25 maaie 2018 - 14:48

Kellian van der Kaap makket de oerstap fan Harkemase Boys nei FC Groningen. De 19-jierrige ferdigener, dy't ien seizoen op De Bosk spile, tekenet yn Grins in kontrakt foar ien jier by de earedifyzjonist.

Van der Kaap is Harkemase Boys tankber foar it fertrouwen dat er krige. "Zij zagen het in me zitten", seit er. "Ik heb dit seizoen van de club veel ruimte gekregen om mij te ontwikkelen. Dat levert nu deze geweldige kans voor mij op. Een groot compliment aan Harkemase Boys dat ze me zoveel hebben geholpen."

Van der Kaap slút takom seizoen oan by de seleksje fan Jong FC Groningen.

(advertinsje)
(advertinsje)