"Troch MH17 komt de Kâlde Oarloch werom"

25 maaie 2018 - 14:13

It bewiis dat Ruslân efter de MH17-ramp sitte moat, waard tongersdei as "oertsjûgjend" typearre. Op de Ljouwerter freedsmerk klonken lykwols noch wol wat twivels. "Wat is dat bewiis eins? En wa seit dat soks net manipulearre is? Yn Irak soene ek gemyske wapens wêze, mar nei de Amerikaanske ynfal, bliek it dochs net sa te wêzen."

Mar de measte minsken op de freedsmerk tochten wol dat Ruslân hjir op oan te sprekken is, al wiene se it wer net iens oer wat no in passende reaksje is. De ien wol hurde ekonomyske sanksjes, ek as soks ússels reitsje soe. Oaren tinke dat we as lân te lyts binne om Ruslân oan te pakken, of dat we te ôfhinklik binne fan bygelyks Russysk gas. "It jild wint it altyd fan de prinsipen. Helaas..." Mar de ferhâldingen binne, hoe dan ek, behoarlik bedoarn: "Nei tritich jier is de Kâlde Oarloch wer hielendal werom!"

Trefwurden: 
freedsmerk Ljouwert MH17
(advertinsje)