Anema hie "gjin goed gefoel" mear by gearwurking mei Clafis

25 maaie 2018 - 13:32

Der komt in ein oan de jierrenlange gearwurking tusken trainer Jillert Anema, reedrider Jorrit Bergsma en sponsor Clafis. De Clafis-reedrydploech behelle yn it ferline in soad suksessen. Yn fjouwer jier tiid pakte it team 153 oerwinningen, seis wrâldtitels en fjouwer wrâldrekôrs.

Foar de bûtenwacht is it in grutte ferrassing dat Anema en fjirtjin reedriders brekke mei yngenieursburo Clafis fan direkteur Bert Jonker. "Bert woe linksôf en ik tink dat dat yn it neidiel fan de riders wêze soe", sei Anema. "Dan komt myn diel, it technysk diel, oan 'e oarder. Dat ha ik mei Bert oerlein en doe tocht ik: dit moat ik net dwaan. Doe ha ik de gearwurking opsein."

Earder op de dei reagearre Jonker al op de breuk. Anema woe net op details yngean, dêr is it ferhaal yn syn eagen te kompleks foar. "It is in lang ferhaal. It gefoel fan in coach moat goed wêze. Ik hie der gjin goed gefoel mear by en dêrom ha ik der in punt achter set."

(advertinsje)