De Vries falt út nei botsing yn Formule 2-race fan Monako

25 maaie 2018 - 12:27

Autokoereur Nyck de Vries is freed yn de Formule 2-race op it sirkwy fan Monako al betiid útfallen. De Vries kaam yn botsing mei de Brit Alexander Albon. De 23-jierrige Twellingeaster ried earst noch wol troch, mar moast troch de oprûne skea úteinlik de striid stake.

De race waard wûn troch Artem Markelov út Ruslân. Op it twadde plak einige De Vries' teamgenoat Sean Gelael út Yndonezië. Roberto Merhi út Spanje waard tredde.

Revâns

Sneon kriget De Vries de kâns revâns te nimmen. Dan stiet yn Monako de twadde race fan it wykein op it programma.

(advertinsje)