45-km-auto oanriden op A32

22 jun 2012 - 15:28

In 44-jierrige man út Eanjum is fannacht ferwûne rekke by in ûngelok op de A32 by Meppel. De man waard dêr yn syn 45-kilometer-auto fan achteren oanriden troch in automobilist út Havelte. Hy is mei ûnbekende ferwûnings oerbrocht nei it sikehûs.

Wêrom't de man op de sneldyk ried, is net dúdlik. 45-km-auto's meie dêr offisjeel net komme. De man is in bloedproef ôfnaam. Syn auto en de auto dy't him oanried rekken folslein fernield.

(advertinsje)