Vion Food slút tydlik krekt iepene slachterij yn Ljouwert

25 maaie 2018 - 11:50

Fleisferwurker Vion Food slút fuortendaliks syn krekt iepene slachterij yn Ljouwert. Neffens it bedriuw moatte der technyske saken oanpast wurde, mar binne der ek fragen oer de keuringsresultaten. De slachterij yn Ljouwert ferwurket kij. Yn Nederlân wurdt gemiddeld 1,8 prosint fan de karkassen ôfkard, seit it bedriuw, mar yn Ljouwert is dat 5 prosint. Vion wol no fan de Nederlandse Voedsel en Waren Autoriteit dúdlikheid ha oer it ferskil.

It fabryk yn Ljouwert waard yn febrewaris iepene, nei in ynvestearring fan sa'n 20 miljoen euro. It moat 2500 kij de wike ferwurkje, mar dat oantal wurdt mei troch de problemen noch net helle. Vion tinkt dat de slachterij yn septimber wer iepen kin. Wat de tydlike sluting kostje sil, koe in wurdfierster fan it bedriuw noch net sizze. Yn it Ljouwerter fabryk wurkje sa'n 45 minsken.

Trefwurden: 
slachterij Vion Food sluting
(advertinsje)
(advertinsje)