LIJST058 hat fragen oer foarnimmen gasleaze nijbouwenningen

25 maaie 2018 - 11:44

De fraksje fan LIJST058 wol witte wat it foar de gemeente Ljouwert betsjut dat der fan 1 july ôf yn it hiele lân gjin wenningen mei gasoanslutingen mear boud wurde meie, sa't minister Kajsa Ollongren oankundige hat.

Brancheorganisaasjes hawwe de needklok al let en no makket ek LIJST058 him soargen. De partij fynt it net ferstannich om soks der yn 'e haast troch te drukken.

Tekentafel

LIJST058 wol witte om hoefolle wenningbouplannen yn Ljouwert it giet dy't no noch op de tekentafel lizze en oanpast wurde moatte. De partij freget him ek ôf oft minsken dy't yn in hierwenning wenje tenei ek mear betelje moatte.

Trefwurden: 
Lijst058 gas nijbou ferbod
(advertinsje)