Clafis-direkteur Jonker reagearret op breuk: "Heel jammer"

25 maaie 2018 - 10:36

Direkteur Bert Jonker fan yngenieursburo Clafis fynt it spitich dat trainer Jillert Anema en syn reedriders mei him brekke. "Het is heel jammer dat we er niet zijn uitgekomen, maar ik kan niemand dwingen", fertelt Jonker.

Anema sei freed yn De Telegraaf dat er op syk is nei in stichting dy't wol oan de easken fan topreedriders as Jorrit Bergsma foldwaan wol. Neffens Anema is it ûnmooglik om langer mei Jonker gear te wurkjen.

Noch ienjierrich kontrakt

It kontrakt fan Bergsma en in tal oare reedriders mei Clafis rint noch in jier troch, mar Jonker seit dat er net ien oan syn kontrakt hâlde wol. "Als ze niet willen, dan willen ze niet. Ik wilde gewoon naar een normale situatie waar sponsoren zich als werkgevers gedragen en schaatsers al werknemers. Dat wordt moeilijk als een coach als Anema op de stoel van de werkgever gaat zitten."

Jonker hat it ôfrûne jier 885.000 euro yn it reedriden stutsen. "Mensen vragen mij wel eens waarom. Maar het is net zo als met een meisje. Soms weet je ook niet waarom je verliefd bent geworden."

(advertinsje)