Oanhâlden drugshanneler moast al foar de rjochter komme

25 maaie 2018 - 10:33

De plysje hat tongersdeitemiddei op de Weaze yn Ljouwert in fertochte fan drugshannel oanholden. Nei't de plysje ynformaasje krigen hie oer de drugshannel, seagen se dat de fertochte twa kear drugs ferkocht oan in klant. By fûllearing fûnen de plysjes in pear hûndert euro by de man.

De fertochte moat freed foar de rjochter komme foar in foarige drugssaak. Dêr moat er him ek fuortendaliks ferantwurdzje foar syn aksje fan tongersdei. Mooglik jout de boargemaster him noch in gebietsferbod foar de binnenstêd fan Ljouwert, of in part dêrfan.

Trefwurden: 
drugshannel Ljouwert plysje
(advertinsje)
(advertinsje)