Eksamenpraat #9: Hasto wolris straf hân op skoalle?

Foar de rubryk Eksamenpraat is Omrop Fryslân ûnderweis troch de provinsje. Freed giene we del by it OSG Sevenwolden op It Hearrenfean. Dêr waard yn de eksamenhallen bot switten by it eksamen skiekunde.
Foar de tiid fan de eksamens makken de learlingen op skoalle in protte hichtepunten mei, lykas op wurkwike gean en freonen meitsje. Fansels hawwe se ek wolris dingen dien, dy't troch dosinten bestraft binne. Omrop Fryslân wie sa frij om te freegjen: hasto wolris straf hân op skoalle?