Jorrit Bergsma en Jillert Anema ferlitte reedrydteam Clafis

Jorrit Bergsma en syn trainer Jillert Anema binne opstapt by it reedrydteam fan Clafis. Se ferlitte út ûnfrede de stichting achter de ploech Windkr8 8.
Dêrmei liket in ein te kommen oan it fuortbestean fan de langebaanploech en it maratonteam fan Clafis. Trettjin oare reedriders, ûnder wa Irene Schouten en Carien Kleibeuker, folgje it foarbyld fan Bergsma en Anema. It ferhaal stiet freed yn De Telegraaf.
Bergsma seit yn de krante dat it ûnmooglik is, om noch langer mei jildsjitter Bert Jonker te wurkjen. De reedriders binne no op syk nei in nije sponsor sadat se fierder kinne.