Gea tongersdei net nei seedyk

03 nov 2011 - 10:57

It Fryske Gea wie tongersdei net oanwêzich by de ûntbleating fan it keunstwurk ta oantinken fan it hynstedrama by Marrum. It wie tongersdei fiif jier lyn dat in groep fan 200 troch wetter ynsletten hynders rêden waard troch in groep amazônes.

Tweintich hynders oerlibben it drama net. Der is noch altyd diskusje oer de fraach wa't ferantwurdlik wie en wat krekt de rol fan It Gea wie. It Fryske Gea hie nei oanlieding fan de kommoasje besletten om net te kommen.

(advertinsje)
(advertinsje)