Epke Zonderland nei tolve jier studearjen offisjeel dokter

25 maaie 2018 - 07:53

Epke Zonderland mei him tenei offisjeel dokter neame. De turner fan De Lemmer hat tongersdeitejûn nei tolve jier studearjen yn Grins syn bul Genêskunde krigen. Al dy jierren kombinearre hy syn stúdzje mei topsport, mei as hichtepunt de gouden medalje op de rekstôk by de Olympyske Spelen fan 2012 yn Londen.

Ut 'e skroeven

De turner is út 'e skroeven dat er syn bul helle hat, seit er tsjin de NOS. "Yn 2006 siet ik yn de kolleezjebanken en tocht: wauw, wat soe it geweldich wêze om úteinlik mei it papierke nei hûs te gean. No binne we tolve jier fierder, dus it hat wol even duorre. Mar ik bin superbliid dat it slagge is."

Earst noch turnje

Zonderland sil net fuortendaliks oan it wurk as dokter, want de fokus leit noch op de Spelen fan 2020. Nije wike komt er foar it earst dit jier wer yn aksje by in ynternasjonale turnwedstriid, yn Slovenië. En letter dit jier steane it EK en WK op it programma. Nei dizze twa grutte toernoaien sil Zonderland ien dei yn 'e wike oan de slach as basisdokter op It Hearrenfean.

(advertinsje)
(advertinsje)