Kollum: "Bedriuwsbelied-diskriminaasje"

"Ik hie dat berjocht oer de Douglas yn Ljouwert wol lêzen, mar ik makke my der eins net sa drok om fierder. Ik koe it wol begripe, dat se as bedriuw bepaalde foarskriften ha oer hoe't de meiwurkers har klaaie moatte. Ik fûn it dan ek hielendal gjin diskriminaasje dat it frommeske mei de holdoek yn it magazyn wurkje moast, doe't se besletten hie dy holdoek al te dragen.
Mar hjoeddeis wurdt alles mar op de bulte fan diskriminaasje goaid, as it oer sokke dingen giet, wylst it yn myn eagen gewoan in bepaald belied is. By Douglas wolle se in neutrale útstrieling ha, krekt om diskriminaasje foar te kommen! Elkenien is wolkom om dêr te wurkjen, mar ast oannommen wurdst, dochst de bedriuwsklean oan, punt!
Liket my net dreech, mar fansels wie der wer in klant dy't dit op social media sette en it berjocht gong it hiele lân troch. GodAllamachtich! Dêr sitte je dan moai mei as bedriuw. Mar no hat Douglas, ta myn fernuvering , sein dat it it kleanbelied oanpasse sil. Dat foel my ôf, omdat se tajouwe oan de grillen fan social media yn in bemuoisuchtige maatskippij dêr't gjin ein oan liket te kommen.
En hoe sille se no it belied oanpasse, dan? Fine se it dragen fan in holdoek aanst goed? Dat is prima, mar hoe komt it dan as der immen seit dat hy of sy út namme fan de religy in reade stip op 'e foarholle ha wol? Of immen dy't katolyk is en beslist in grut krús drage wol. In frommeske dat in natuerreligy oanhinget wol op bleate fuotten en sûnder BH, in travestyt wol de glitterjurk oanhâlde en in Joad hâldt de keppel op. Immen dy't by de Bhagwan sit, wol in read sjaaltsje om en in boerinne hâldt it leafst de klompen oan.
Dat is dochs net te dwaan, as je as bedriuw neutraliteit útstriele wolle? En oan dat roppen en razen oer diskriminaasje liket ek mar gjin ein te kommen! As in donker persoan in skeet lit dy't ik stjonken fyn, dan bin ik al hast in rasist, wylst yn ús lân alles mooglik is. Dêr komt by dat de spjalt tusken de eigen ferskate religys hjir sa stadichoan hieltyd lytser wurden is.
Skoallen binne by elkoar kommen, de measte minsken libje freedsum neist elkoar en in keppel kin neist in krúske sliepe. Der is hjir al safolle feroare, mar troch sokke berjochten ha ik it gefoel dat we werom yn 'e tiid gean yn stee fan foarút. Nimt net wei dat ik it prima fine soe, as der in winkel is dêr't elkenien der útsjen kin hoe't er wol, mar as de Douglas dêr oars oer tinkt, dan moat dat dochs mooglik wêze?
It frommeske mei de holdoek ha wy net heard en miskien baalt se wol fan dizze tastân. Dat is al de pest fan social media want de grutte bek iepen dwaan op Facebook kin elkenien wol, dat is samar klear. Mar der wurdt net altyd neitocht oer de konsekwinsjes en om it as bedriuw goed te dwaan en oan alle kluchten temjitte te kommen, is in hiele opjefte.
En no't we it der dochs oer ha... dan fyn ik dit in foarm fan bedriuwsbelied-diskriminaasje. De kettingreaksje nei sa'n berjocht set in bedriuw foar it blok. It makket my werklik neat út wat immen leaut, mar ik leau it sa stadichoan wol. En de lju dy't roppe dat se net mear by de Douglas komme, binne dat samar wer ferjitten as se in goede oanbieding ha. Sa binne de minsken dan ek wol wer."