Waarmte op Strjitfestival: "Biertje en daarna een watertje"

De organisaasje fan it Frysk Strjitfestival yn Ljouwert nimt maatregels yn ferbân mei de waarmte dit wykein. Sa wurde besikers op ferskate plakken ynsmard mei sinnebrânkrême en binne der meardere wetterpunten om te drinken. Fierder is it advys om net te folle alkohol te drinken. "Daar zou ik zeker voor uitkijken. Ik zou zeggen: een biertje en daarna een watertje", seit projektlieder Margret Havinga. "Het weer was bij onze laatste vergadering ook topic nummer 1."
It teäterfestival mei tsientallen optredens is freed en sneon. Fanwege de drokte advisearret de organisaasje om net mei de auto te kommen, mar mei bus of trein. Der wurde sa'n 40.000 minsken ferwachte.