Brânwacht: gemeentlike camping op De Lemmer net brânfeilich

24 maaie 2018 - 22:22

De gemeentlike camping op De Lemmer is net brânfeilich, sa docht bliken út in ûndersyk troch de brânwacht. Dy hat de camping oan de Iselmarkust nei it toeristeseizoen ferline jier besjoen en ferskate gebrekken konstatearre.

Maatregels fan 200.000 euro

Sa wie it min steld mei de blusapparaten en mei de flechtwegen, mocht der brân útbrekke. Yntusken is de gemeente De Fryske Marren, dy't eigener is fan de camping oan de Plattedyk, begûn mei it nimmen fan maatregels. Dy kostje 200.000 euro.

240 steancaravans

Op de gemeentlike camping steane 240 steancaravans. It is de fraach oft dy allegear stean bliuwe kinne, om't de camping sûnt it begjin fan de jierren 70 folboud is en der dêrtroch net feiliger op wurden is.

Populêr by Dútsers

De camping is populêr by de Dútsers: tachtich persint fan de gasten komt út Dútslân.

Ynkoarten sil it kolleezje fan boargemaster en wethâlders prate oer de brânfeiligens en de takomst fan de camping.

Op oarder

De wurdfierder fan de gemeente De Fryske Marren lit witte, dat de brânfeilichheid foar dit seizoen op oarder is. Boppedat wurde der kommend jier noch ekstra maatregels naam.

(advertinsje)