Brânwacht faak te let

22 jun 2012 - 14:58

Yn 41 prosint fan de needgefallen komt de brânwacht yn Fryslân te let. Dat docht bliken út in ûndersyk fan de Inspectie Veiligheid en Justitie fan it ministearje mei dyselde namme. It Fryske brânwachtkorps leit boppe it lanlik trochsneed fan 33 prosint te let.

It binne yn it hiele lân krekt de brannen mei de grutste risiko's dêr't de brânwacht te let foar komt. It giet om wenhuzen en skoallen. De situaasje is yn Drinte it slimst. Dêr komt de brânwacht by 60 prosint fan de needgefallen te let. It korps Haaglanden docht it it bêst mei 15.

(advertinsje)
(advertinsje)