Organisaasjes ha fan freed ôf te krijen mei nije Privacywet

24 maaie 2018 - 21:32

Undernimmers, sportklups en oare organisaasjes ha fan freed ôf te krijen mei de nije Privacywet, folút de Algemene Verordening Gegevensbescherming. Dizze nije wet freget minsken en ynstânsjes om maatregels te nimmen om persoanlike gegevens better te beskermjen. It giet dan bygelyks om nammen, adressen en rekkennûmers, mar ek om foto's, boargerlike steat of medyske gegevens.

Privacy-protokol

Alle organisaasjes moatte tenei in privacy-protokol ha. Hjiryn moat te stean komme hokker gegevens oft der sammele wurde, foar hoe lang en wat der dêrnei mei bart. Minsken moatte tenei tastimming jaan foar it ferwurkjen fan dy gegevens en sy moatte de mooglikheid ha om dy tastimming ek wer yn te lûken.

Boete

Hâlde organisaasjes en ynstellingen harren net oan de nije wet, dan kinne boeten folgje. Dy kinne yn de slimste gefallen yn de miljoenen euro's rinne.

Sportklups noch net klear

In moanne lyn wienen in soad sportklups noch net klear foar de nije wet, sei Anne Jochum de Vries fan Sport Fryslân.

(advertinsje)
(advertinsje)