FIDEO: Earste kongresdei fan Circom 2018 yn De Harmonie

24 maaie 2018 - 20:50

De earste dei fan Circom 2018 yn De Harmonie sit der hast op. It kongres fan Europeeske regionale media is dit jier dus yn Ljouwert. Tongersdeitemoarn en -middei wienen der lêzingen, de jûn is der in galasjo, organisearre troch Omrop Fryslân. Dan wurde de winners fan Prix CIRCOM 2018 yn it sintsje set. Dat binne prizen yn ferskate kategoryen foar de bêste produksjes troch regionale omroppen. Ek de Grand Prix, foar it bêste programma út alle ynstjoeringen, wurdt bekendmakke.

De Omrop Fryslân-vlogsoap Jennifer de Vries, in idee fan Halbe Piter Claus, krige in earfolle fermelding

In jier lyn wûn Omrop Fryslân yn de kategory Amusemint mei in ôflevering fan Kening Hert & Harry Hazze.

Wytse Vellinga

Freedtemoarn binne op 'e nij lêzingen, ûnder oare troch Omrop Fryslân-sjoernalist Wytse Vellinga. Mei Björn Stasschen fan it Dútske NDR/ARD sil er minsken byprate oer mobile sjoernalistyk en de nijste apparatuer op dat mêd. Middeis krije de besikers út de tritich Europeeske lannen de kâns om in kulturele aktiviteit yn Fryslân te dwaan.

Workshops en trainingen

De hiele wike is in groep fan Europeeske sjoernalisten al yn Ljouwert. Yn de dagen foarôfgeand oan it kongres folgen se workshops en trainingen by Omrop Fryslân.

(advertinsje)
(advertinsje)