Dútser mei syn cabrio tsjin de fangrail op de A7

© BTBfotografie
Op de sneldyk A7 by De Jouwer is tongersdei oan it begjin fan de jûn in cabrio yn 'e slip rekke. De bestjoerder út Dútslân kaam út de rjochting fan Snits en krekt foar de ôfrit Joure-West gie it mis. De auto bedarre nei alle gedachten nei in mislearre ynhelaksje yn 'e middenberm tsjin de fangrail.
De ynsittenden soene mei de skrik frijkaam wêze. It ferkear waard in skoft oer de flechtstreek laat. Meiwurkers fan de brânwacht hawwe de dyk wer frijmakke.