Nyck de Vries teloarsteld oer miste pole-position yn Monako

© www.orange-pictures.nl
Autokoereur Nyck de Vries fan Twellingea hat tongersdeitemiddei krekt njonken de pole-position grypt foar de Formule 2-race yn Monako. Yn it prinsdom wie konkurrint Alexander Albon mei in minym ferskil fan ien hûndertste sekonde krekt rapper as de Fries. De Rus Artem Markelov einige efter Nyck de Vries en ferskynt freed yn de haadrace as tredde oan de start.
Foarich jier wûn Nyck de Vries syn earste race yn de Formule 2 yn Monako, doe noch foar it team fan Rapax. De Twellingeaster begûn dêr as twadde yn de sprintrace en pakte nei in sterke wedstriid de oerwinning.