Fiif Friezen yn nasjonale seleksje foar WK skeelerjen

Manon Kamminga en Elma de Vries op it NK maraton © Neeke Smit
Bûnscoach Frank Fiers nimt fiif Friezen mei nei it WK skeelerjen, dat takom july yn Heerde en Arnhem ferriden wurdt. Manon Kamminga, Maya de Jong, Elma de Vries, Marijke Groenewoud en Crispijn Ariëns binne de Fryske troeven yn de seleksje.
It team is gearstald op basis fan de resultaten by de nasjonale kampioenskippen fan de ôfrûne wiken. Wa't krekt op hokker ûnderdiel starte sil op it WK, wurdt pas koart foar it toernoai besletten.