Fûgelwacht Snits: fan prosedearje nei meiprate

24 maaie 2018 - 19:06

De fûgelwacht Snits is direkt belutsen by de nije ûntwikkeling om it Rasterhoffpark hinne. Takom wike wurdt oer dat gebiet in plan presintearre mei dêryn mear romte foar fytsers en boatsjeminsken. It Van der Valk-hotel sjocht graach dat skielk bygelyks sloepen oanlizze kinne by it terras foar harren hotel.

Gjin nije juridyske striid

Tsien jier lyn prosedearre de fûgelwacht fan Snits noch tsjin de komst fan it hotel op dat plak, mar foar dizze nije ûntwikkeling sitte se gewoan oan tafel om mei te praten. Neffens foarsitter Chris Baanstra fan de Snitser fûgelwacht binne se noch net mei alle aspekten akkoart, mar hy tinkt wol dat se der útkomme sille. "Ik ferwachtsje yn alle gefallen gjin nije juridyske striid", sa lit er witte.

Yn it nije plan foar it Rasterhoffpark en omjouwing sit ûnder mear in farferbining fia de Broeresleat mei Twellingea, de oanlis fan in nij paad ynklusyf in brêge foar fytsers en fuotgongers, en de oanlis fan in tal eilantsjes foar fûgels yn in nij wetterplan.

(advertinsje)