Fier begjint opfanggroep foar seksueel misbrûkte jonges

24 maaie 2018 - 18:24

Helpferlieningsorganisaasje Fier wol him ek ynsette foar de opfang fan jonges dy't it slachtoffer binne fan loverboys, minskehannel en seksueel misbrûk.

Mei twa oare organisaasjes begjint Fier in opfang- en behannelgroep. Fier, Sterk Huis en Kopland ha in projektplan yntsjinne by it Ryk, om jild foar de plannen te krijen.

Minister Ferdinand Grapperhaus fan Justysje en Feiligens hat yntusken sein dat der foar de simmer in plan fan oanpak leit om útrûpeljen fan jonges oan te pakken. De trije helporganisaasjes wolle dêr graach oan meiwurkje, sizze se. Se ha de ôfrûne jierren in soad ûnderfining opdien mei it behanneljen fan minsken dy't slachtoffer binne fan geweld binnen relaasjes.

(advertinsje)
(advertinsje)