Foar keatsleafhawwers: dizze simmer iepenet it Freule Kafee

© Omrop Fryslân, Raynaud Ritsma
Foar it earst wurdt der dizze simmer troch Omrop Fryslân in Freule Kafee iepene. Dit bart foarôfgeand oan de wichtichste keatspartij foar jonges tusken de 14 en 16 jier âld, de Freulepartij. It keatskafee wurdt hâlden op de jûn foar de Freule yn It Reade Hynder yn Wommels. Presintator Geert van Tuinen en co-host en topkeatser Sjoerd de Jong ûntfange dé keatsbeloften fan it momint. It Freule Kafee is ien fan de fiif Simmerkafees dy't kommende simmer hâlden wurde.
"Wy sjogge de Simmerkafees as de perfekte opwaarmer foar de grutte Fryske sporteveneminten", seit projektmanager by Omrop Fryslan Jacqueline Spendel. "Dêrby is de kar makke om ien kafee te meitsjen foar alle grutte eveneminten, dêryn nimme wy de Freule dit jier ek mei." Sa binne der kafees om it SKS en IFKS skûtsjesilen hinne, it fierljeppen en twa foar it keatsen, wêrûnder njonken it Freule Kafee ek it fertroude PC Kafee.
"Efkes slikke"
Presintator Geert van Tuinen fertelt: "De PC Kafees haw ik jierren mei hert en siel makke. Fansels moast ik efkes slikke dat wy yn stee fan fjouwer, mar ien PC Kafee meitsje dit jier. Dêr tsjinoer stiet dat it prachtich is dat Omrop Fryslân ekstra omtinken jaan wol oan de Freulepartij en ús frege hat om it earste Freule Kafee te meitsjen. Dêr meitsje wy grif wat moais fan!'"
Fiif Simmerkafees
De fiif Omrop Fryslân Simmerkafees binne iepen op:
PC Kafee: 31 july
SKS Kafee: 3 augustus
Freule Kafee: 7 augustus
Fierljep Kafee: 10 augustus
IFKS Kafee: 17 augustus
De útstjoeringen wurde letter as podcast oanbean.