ANWB-helys yn plak fan SAR

22 jun 2012 - 14:42

Definsje ûndersiket de mooglikheid om helphelikopers fan de ANWB yn te setten foar it pasjinte- en needferfier fan en nei de Waadeilannen. No wurdt de taak útfierd troch SAR-helikopters fan definsje. Om't it Ryk miljoenen besunigje moat, sil definsjeminister Hillen op fersyk fan CDA-Keamerlid Knops sjen nei mooglikheden te besparjen op de ynset fan de djoere SAR-helys.

De ANWB beskikt oer traumahelikopters. Fjouwer binne stasjonearre by sikehuzen. It ûndersyk nei de takomst fan it helikopterferfier moat ein dit jier klear wêze.

De ANWB soe mei syn traumahelys prima it pasjinte- en needferfier fan en nei de Waadeilânnen prima fersoargje kinne. Dat sei haaddirekteur Guido van Woerkom fan de ANWB freed yn in reaksje op it nijs dat definsje de mooglikheden ûndersiket oer te gean op ANWB-helys yn plak fan SAR.

Trefwurden: 
SAR helikopter ANWB Hans Hillen
(advertinsje)